Op Nij foriene spilet: “Blau bloed”

Oorspronkelijke titel Blauw Bloed

It ferhaal is skreun troch Rob Vriens en oerset troch Abele Krist.

Yn “Blau bloed” Beppie en Karel binne in âlder, wat suterich pear. Lykas alle twa wiken op sneintemoarn, komme harren dochter Bianca en har pake- en beppesizzers Judith en Erik op’e kofje.  Dizze snein stean der ûnferwacht ek noch oare gasten op de stoepe. 

Beppie blykt de lêste ôfstammeling te wêzen fan de Keninklike Famylje fan Klompenstein, in lyts Keninkrykje yn it Dútsk-Eastenryks grinsgebiet en hja makket dêrmei oanspraak op de troan. Der is lykwols noch wol in wichtich betingst wêr hja oan foldwaan moatte. Hja sille allegearre in Proeve fan Bekwaamhyd ôflizze moatte en allinne by in suksesfolle ôfrûnning kinne hja wier oanspraak meitsje op harren Keninklike Titel. Dat giet lykwols net sûnder de nedige problemen.  

Wy spylje yn MFC de Wier op:

  • Tongersdei 5 febrewaris om 14:00 oere

  • Freed 6 febrewaris om 20:00 oere

  • Sneon 7 febrewaris om 20:00 oere